Ekstra foarstelling

Fanwege de grutte belangstelling spylje we op woansdei 11 septimber in ekstra foarstelling fan Speak. Kaarten foar dizze foarstelling binne no te keap fia dizze webside. Der binne al in soad kaarten foar dizze ekstra foarstelling fan woansdei 11 septimber ferkocht. De foarstelling giet dan ek definityf troch!

5 septimber 2024
Wat ha wy in fantastyske premjêre hân! Mei 5 hiele spesjale gasten, de minsken út de dokumintêresearje TRAPPERS (fan de VPRO), dêr’t Iepenloftspul SPEAK op basearre en ynspirearre is. Dat joech de jûn in gouden râne. En wat wienen se entûsjast. Op de bank beide Nanne’s en Stanley en Wybe (sa’t de haadpersoan by ús hjit)
2 septimber 2024
In prachtich artikel oer Iepenloftspul Speak yn it Friesch Dagblad.
31 augustus 2024
Lieuwe, John, Klaas en Wigle wienen 20 minuten te gast by it kulturele programma Op&Ut fan Omrop Fryslân. Sjoch hjir de útstjoering werom.
Hé, regisseur Lieuwe Tolsma en rezjy-assistint Jetske Broersma: Wêrom moatte minsken eins nei Iepenloftspul Speak komme?
 
Film makke troch @bildegraphic
De Pakjedragers binne John Boonstra, Michel Scheltema, Rinnert Tolsma en Henk Wetting. Dizze live band is ûnderdiel fan Speak en soarget foar in prachtige muzikale omlisting, wêrtroch it ferhaal fierder ferteld wurdt
 
Film makke troch @bildegraphic
Dit is Wiepkje, de sus fan Wybe. Se fielt har tige ferantwurdlik foar har jongere broer en sjocht geregeld efkes om it hoekje om te hearren hoe ’t it mei him giet. Wiepkje wurdt spile troch Gerda Walstra
 
Film makke troch @bildegraphic
Dit is buorfrou Fien, se wennet neist fytskoerierssaak Speak. Fien sjocht de takomst yn har glêzen bol, kin hannen lêze, leit tarotkaarten en sjocht dingen yn ‘e stjerren… Fien wurdt spile troch Manda Postma
 
Film makke troch @bildegraphic
Dit is Wout, de heit fan Bossie. Hy fynt dat Bossie in te goede oplieding hat foar, sa at hy it neamt, ‘dit fytskoerier gedoch’. Wout wurdt spile troch Bonne Dijkstra
 
Film makke troch @bildegraphic
Dit is de bytiden wat opstannige Radomski. Hy komt út Poalen en is al 15 jier fytskoerier. Radomski wurdt spile troch Jan Tiede Bouma.
 
Film makke troch @bildegraphic
Dit is Laura, in buorfrou fan Speak dêr ’t Wybe tige wiis mei is. Se fielt har bot thús by it fytskoeriersbedriuw en komt dan ek faak efkes del. Laura wurdt spile troch Hetty Verhoeve.
 
Film makke troch @bildegraphic
Dit is Nanne, de âldste fytskoerier by Speak en in paradysfûgel. Hy makket gedichten, spilet yn in band en hat in ensyklopedyske kennis. Nanne wurdt spile troch Wigle Sinnema.
 
Film makke troch @bildegraphic
Dit is Bossie, hy hat studearre, mar hy kin mar net fine wat er wol. En dêrom fytst er. In hiel soad. Bossie wurdt spile troch Willem Reitsma.
 
Film makke troch @bildegraphic
Dit is Margje van Zuiden, de bêste maat fan Wybe. Tegearre hâlde sy fytskoeriersbedriuw Speak draaiende
Margje wurdt spile troch Baukje Westra.
 
Film makke troch @bildegraphic
Yn flashbacks wurdt weromsjoen nei de jeugd fan Wybe en soms praat Wybe ek mei syn jongere ik. De jonge Wybe wurdt spile troch Jelle Dijkstra.
 
Film makke troch @bildegraphic
Dit is Sjoerd van Beem. Hy is ûnder oare de ‘foais-oer’ yn Speak.
 
Film makke troch @bildegraphic
Dit is Wybe Hallema, de oprjochter fan fytskoeriersbedriuw Speak
Wybe wurdt spile troch Klaas Tolsma
 
Film makke troch @bildegraphic
3 augustus:
Hasto de poster fan Speak al hingjen sjoen yn Arum en omkriten? Ek ús flyer kinst tsjinkomme yn bygelyks wachtromten. We diele ‘m hjirby ek digitaal. Op de flyer stiet it ferhaal yn it koart en kinst ek sjen wa ’t ûnder oare meiwurkje.
SPEAK - Flyer mockup voorkant 2
10 augustus:
Start repetysjes yn it Baarderbuorren Bosk
Fan hjoed ôf starte wy mei de repetysjes fan Iepenloftspul Speak yn it dekôr yn it Baarderbuorren Bosk. Alle omwenners binne troch in brief ynformearre, mar foar elkenien dy ’t lâns of troch it bosk komt en in soad reuring sjocht en heart: wy binne it!
19 july 2024
Nei hiel wat wiken repetearjen is it tiid foar de simmerstop. De repetysjeloads giet nei jûn op slot en alle spilers lade harren op om oer 3 wiken fierder te repetearjen yn it Baarderbuorren Bosk yn Arum.
Foto’s makke troch @bildegraphic
17 july 2024
Oer in pear wiken sille de repetysjes los gean yn it Baarderbuorren Bosk yn Arum. De bouploech is hjir drok dwaande en yn in rap tempo hawwe sy de basis lein foar it dekôr. Toppers binne it! Nijsgjirrich nei it einresultaat? Kom nei Iepenloftspul Speak!
Foto’s makke troch @bildegraphic
15 july 2024
Earne yn in loads, krekt bûten Arum, fine repetysjes plak… In koarte repetysje ‘sneak peek’ fan Iepenloftspul Speak. Ynkoarten stelle alle 11 spilers sich oan jim foar.
 
Hast al kaarten besteld? Doch dit gau fia dizze webside ûnder it kopke ‘home’.
 
Filmke is makke troch @bildegraphic
logo arumer kat_vector_wit

Stifting De Arumer Kat 

Willem Westrastrjitte 6, 8822 VN Arum 

E-mail: info@dearumerkat.nl

Webside: www.dearumerkat.nl 

Bankrekken: NL84 RABO 0130160709

KvK-nûmer: 01117439