Frysk Selskip Arum (de Krite) en Teater Selskip Arum binne yn 2019 tegearre fierder gien as ien stifting: De Arumer Kat – teater en mear. De Arumer Kat is in skel- of skimpnamme út it ferline. Elts doarp of buertskip en ek gruttere stêden hienen skimpnammen. We ha foar dizze namme keazen om út te dragen dat de stifting echt iets fan Arum en de Arumers is.
It doel De krachten út twa foariche bestjoeren binne bundele yn ien nije. Oprjochte om kulturele en musikale foarstellingen te organisearjen yn de breedste sin, at it no giet om toaniel yn it winterskoft of in iepenloftspul of miskien in musikale foarstelling en ek de Playbackshow fan Arum wurdt troch De Arumer Kat organisearre.